Freule winnaars gehuldigd in Gemeentehuis

It partoer fan Tsjom mei Steven Koster, Robin Benders en Jorrit Palma wûn ôfrûne woansdei de Freule party yn Wommels.

🥇

It wie de earste kear yn de skiednis dat de keatsferiening K.F. Wêz-Wis Tsjom de Villa mei nei hûs nimme mocht. Wat in prestaasje fan de jonges!Fannemoarn waarden sy dan ek fan herte lokwinske troch wethâlders Caroline de Pee en Nel Haarsma op it gemeentehûs. Mei in

☕️

bakje/frisje en fansels in

🍰

gebakje waard der yn ‘e riedsseal weromsjoen op de machtige keatsdei fan de Tsjommers. De froulje Gerbrich Koster en Yannah Palma wienen ek gesellich meikommen fanút Tsjom. Sy hellen ferline wike sneon mei harren maat Marrit Wielenga in knappe tredde priis op ‘e Ald Meiers party yn Hitsum.

🥉

Fantastysk dien dames en hearen, fan herte lokwinske!!

Reacties zijn gesloten.